Omnium fan 4 july

Freed is foar in soad Fryske bern de lêste skoaldei en dat betsjut: seis wiken fakânsje. Lekker niksdwaan, bûten boartsje en as it min waar is kompjûterje. Dat klinkt fantastysk, mar der sitte ek mindere kanten oan. Want bern misse yn dy lange fakânsje útdaging en wurde yntellektueel net genôch stimulearre. Dat docht alteast bliken út ûndersyk. Oer it nut fan in lange simmerfakânsje prate wy hjoed yn de Reade Tried.

In wiskundelearaar dy't syn debút makket as romanskriuwer, is op himsels al bysûnder. Mar it nije boek 'Littenser Merke' fan Ale S. van Zandbergen is noch nijsgjirriger om't it allinnich geskikt is foar minsken dy't fan 'slow reading' hâlde. Van Zandbergen leit yn Omnium út wêrom.

En wat hawwe seis Fryske sjongers te sykjen yn Westendorf (Eastenryk)? Jo hearre it tsjin tolven fan Gurbe Douwstra.

Omnium is der wer om 11 oere, mei René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)