Omnium fan 31 july 2012

In boek dat 22.000 euro kostje moat, dat moat wol hiel spesjaal wêze. Boekhandel Wever van Wijnen yn Frjentsjer hat it saneamde Grimani-Brevier te keap. In hânskrift út de renêssânse dat no troch in Italiaanske útjouwer opnij produsearre is.

Streupers, of oare misdieden yn de natoer binne faak dreech te bewizen. Immen betraapje op de died slagget hast noait. Sa no en dan giet de miljeuplysje nachts op paad, we mochten in nachtje meispeure.

We belje wer mei Douwe Kootstra dy't by de Olympyske Spelen yn Londen is

en der is wer in ferske mei Piet Paulusma yn de haadrol.

Presintaasje: Rein Tolsma.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)