Omnium fan 30 maaie 2013

Op je 92e in boek publisearje. Lemster Piet Burgers die it. Hy fertelt hoe't hy him as 'straatschoffie' út de Jordaan opwurke en goed bestean koe fan it behear fan it skip Jan Nieveen, de Lemmerboat. Yn Omnium in reportaazje.

Fansels wer in ultrakoart ferhaal fan Nyk de Vries.

En ek al is it seizoen ôfsletten en wiene de prestaasjes úteinlik goed, it bliuwt rommeljen by SC Hearrenfean. Neffens bestjoersfoarsitter Wino de Jong heart dat no ien kear by dizze tiid. Oer de sfear en de beleving yn it Abe Lenstra stadion doe en no, prate we ek yn Omnium.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)