Omnium fan 3 maaie

Hjoed yn Omnium: de GGD makket har soargen oer in nije raazje, de saneamde 'shisha-pen'. Dit is net in gewoane penne dêr't je mei skriuwe kinne, mar in nep-sigaret mei in fruitsmaakje dy't benammen populêr is ûnder bern.

Yn de Rige wer in ferhaal oer evakuees yn oarlochstiid yn Fryslân. Hjoed: Wim Slinger. Hy waard evakuearre nei Sint Jânsgea en wenne dêr by de famylje Oenema.

Fierder sjogge wy foarút nei de westryd fan jûn yn de Jupiler League. Sil Cambuur lykas yn 1998 promovearje nei de earedivyzje? It komt no wol hiel tichtby. Sjogge jo ek al út nei in echte Fryske derby takom seizoen? Praat mei oer de stelling: 'Cambuur is in ferriking foar de earedivyzje'.

En: it is wer freed dus binne wy op 'e freedsmerk om de mienings te hifkjen.

Ik soe it wol witte: harkje nei Omnium! Om alve oere. Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)