Omnium fan 3 july

Net elkenien wit dat Otto van der Galiën, steatelid foar de PVV, earder aktyf wie foar de SGP. Wy prate mei him yn de Reade Tried, dy giet hjoed oer de mûzelepidemy yn de 'Bible Belt'. Hoe sjocht Van der Galiën oan tsjin de diskusje oer it wol of net ynintsjen fan bern? Kin it regear ynintsjen ferplichtsje?

Us fêste 'Heak-ferslachjouwer' Aukje de Hoop sjocht wer ris hoe't it giet mei de bou fan de Westlike ynfalswei.

En yn nijsgjirrich hearre wy wat de Fryske Topstikken binne fan Hotso Spanninga, foarsitter fan it Frysk Genoatskip.

Omnium is der wer om 11 oere, mei René Koster.

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)