Omnium fan 3 april

Wurkjouwers moatte ferplicht minsken mei in hendikep yn tsjinst nimme. Yn bedriuwen mei mear as 25 wurknimmers moat aanst 5 prosint fan it personiel bestean út minsken mei in beheining. Wat fine jo, in goed idee? Of is dit 'kwotum' foar bedriuwen net helber? En wat is it krekt, in arbeidshendikep? We prate deroer yn de Reade Tried.

Yn de Rige wer in ferhaal oer wenfoarm 'De Gouden Bal'.

En: ferslachjouwer Aukje de Hoop sjocht by it dûnsfestival 'Urban Friday'.

Dat, en mear yn Omnium. Presintaasje: René Koster.

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)