Omnium fan 29 april

Wat dogge jo op Kroaningsdei? Plat foar de tillevyzje, mei de trein nei Amsterdam, of gesellich feestfiere yn eigen wenplak? Siemon van der Woude fan de gemeente Tytsjerksteradiel fertelt wat der allegear bart yn syn gemeente.

Yn de hongerwinter fan 1944-45, waarden in protte bern út it westen fan it lân evakuearre nei it Fryske plattelân. Hjir wie noch wol iten te krijen, en koene de bern oansterkje. Dizze wike hearre we yn de Rige ferhalen fan dy evakuees. Hjoed Toos van Impelen.

Lammert Stellema is op syk nei keunstwurken fan Ids Wiersma. Yn Omnium fertelt er wêrom.

En hoe moatte je moarn flagje? Wy stofje it flaggeprotokol even ôf...

Dat en mear yn Omnium, tusken 11 en 12. Mei René Koster. Yn ferbân mei Kroaningsdei is der tiisdei gjin Omnium!

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)