Omnium fan 27 maart

Skoallen binne ferplichte om pesten oan te pakken. Dat stjit yn it nije anty-pestprogramma fan it kabinet. Mar binne beliedsmaatregels genôch om dit komplekse probleem op te lossen? Praat mei yn de Reade Tried en reagearje op ús stelling: in protokol is dé oplossing foar it pestprobleem.

Yn de Rige sjogge wy dizze wike achter de skermen yn de rjochtseal. Wat bart dêr binnen eins allegear?

Rense Schuurmans hat in boekje skreaun oer de evakuaasje fan psychiatryske pasjinten nei Frjentsjer yn de oarloch. Oer harren lijen fertelt er yn Omnium.

En we hearre fan Marijke Roskam wat har Fryske Topstik is.

Ik soe it wol witte, harkje nei Omnium! Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)