Omnium fan 27 maaie 2013

Twadde Keamerlid Jacques Monasch (PvdA) út Snits giet nei Tunezië om dêr politisy te helpen. Tunezië sit yn in krisis sûnt de moard op de linkse opponint fan it regear fan premier Hamadi Jebali. Monasch moat de politisy leare om ûnder de druk fan in ploech ekstremistyske islamiten út te kommen.

Filosoof Anna Riemersma fan Boazum komt nei de studio om te praten oer de stelling yn de reade tried. Moatte wy it ieuwige libben neistribje ja of nee?

Yn de rige de earste fan fiif ultrakoarte radioferhalen fan Nyk de Vries.

En we belje mei LC-resinsint Sytse Singelsma. Hy jout tips foar amateur keunstners om yn de 'spotlights' te kommen.

Omnium is der om 11 oere en wurdt presenteard troch Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)