Omnium fan 27 july 2012

Wannear is in boartersplak in goed plak? Feiligens is fansels belangryk, mar ek de kar oan boarterstastellen, de romte en wat al net mear. Yn Omnium is Erwin van Weerden te gast. Hy is ponghâlder fan Spikerdoarp en wie belutsen by de stichting Speeltuinwerk Friesland. Hy kin ús dus krekt fertelle wêr't in goeie boarterstún oan foldwaan moat.

In reportaazje oer it bûten de Mottencamp by Rûgehuzen.

en we genietsje dizze wike fan tee yn de tún: we sjogge yn teetunen yn Slappeterp, Twizelerheide, Noardwâlde en Appelskea, mar we begjinne hjoed yn Koarnjum... http://www.tunmanswente.nl/

Presintaasje: Rein Tolsma.

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)