Omnium fan 27 febrewaris

Hjoed yn Omnium, jonge bern en mobyltsjes: in goeie kombinaasje of net? We prate mei Willem Wouda, direkteur fan OBS It Holdersnêst fan De Harkema.

We hearre fan Elske DeWall wat har Fryske topstik is.

En: de hannen meie wer út de mouwen, want 15 maart begjint de aksje 'NL Doet'. Op tal fan plakken yn Fryslân kinne frijwilligers dan putsjes dwaan, om bygelyks de skoalle, sportklup of buertferiening te stypjen.

Dat, en mear yn Omnium. Harkje dus, tusken 11 en 12 op Omrop Fryslân. Presintaasje: René Koster.

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)