Omnium fan 26 juny 2012

Hoe fierder fan de stêd ôf, hoe mear in dialekt ôfwykt fan it standert-Nederlânsk. Dat docht bliken út ûndersyk fan Martijn Wieling.

Yn de rige hearre we miss Tessa Pander, dy't net allinnich meidocht oan missferkiezings, mar se ek sels organisearret.

En der binne plannen om in eigen bijdrage te freegjen foar in konsult by de húsdokter. Is dat in goed idee of net? We freegje it oan Margreet de Graaf fan Zorgbelang Fryslân. 

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)