Omnium fan 26 juny

Mei de plysje lokpubers ynsette yn de striid tsjin bernelokkers op ynternet? Dat is hjoed de fraach yn de Reade Tried. Juster waard in fertochte fan it saneamde 'grooming' frijsprutsen troch it gerjochtshôf yn Den Haag. Hy hie in ôfspraak makke mei in agint dy't him foardie as in 13-jierrich jonkje, mar dat is gjin strafber feit, oardielde it gerjochtshôf. It gong yn werklikheid ommers net om in puber, mar om in mearderjierrige plysje.

En it wittenskiplik debat mei wol wat pittiger, fine Meindert Fennema en syn kompanen Frits Bolkestein en Paul Cliteur. Sy rjochten de stifting 'Werkelijkheid in Perspectief' op. Universiteiten mije no faak ûnderwerpen dy't sjoen wurde as gefoelich en kontroversjeel, om imagoskea foar te kommen. Dêr moat feroaring yn komme, fine de wittenskippers.

Yn de Rige hearre wy hoe't it Anneke Brak fierder fergiet, de haadpersoan yn it ferhaal fan literêr talint Marjolein Visser.

Dat, en mear yn Omnium. Mei René Koster.

Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)