Omnium fan 25 maart

Hjoed wer in nije útstjoering fan Omnium, mei nijsgjirrige ûnderwerpen:

Bylden meitsje fan in slim ûngelok, kin dat? Nee? Mar sis no ris earlik, klikke jo sels wol ris op dy foto's, as je se op ynternet foarby kommen sjogge? We prate deroer yn de Reade Tried.

Yn de Rige fan dizze wike: alle wiken ha wy op radio of TV wol omtinken foar in rjochtsaak. Mar witte jo hoe't it der om ta get yn de rjochtseal? Yn Omnium dizze wike in koarte yntroduksje.

In produkt ferkeapje je it bêste mei in ferhaal deromhinne. Erik Mathlener leit út.

Dat, en mear yn Omnium. Presintaasje: Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)