Omnium fan 25 april

De doarpsskoalle, hoe lang bliuwt er noch bestean? Yn in soad doarpen yn Fryslân binne net mear genôch bern om in skoalle iepen te hâlden, lit stean twa. It advys fan de ûnderwiisried om skoallen mei minder as 100 learlingen te sluten makket it fuortbestean fan de doarpsskoalle al hielendal dreech. Wat no? Is in fúzje fan kristlike en iepenbiere skoallen de oplossing? We prate deroer yn de Reade Tried.

Ferslachjouwer Klazina Hofstee dûkt yn de skiednis fan de hearlike bûterbaltsjes fan bakker Schroor út Beetstersweach. Yn it âlde bakkerswinkeltsje wennet no in keunstneres út Poalen, dy't ûndersyk docht nei it ferline fan it pân. Yn Omnium in reportaazje.

Yn de Rige wer in 'troanopfolger'. Hjoed, soan Hein van der Meulen sil ea it tegelbedriuw fan syn heit oernimme.

Dat en mear yn Omnium, tusken 11 en 12. Mei Sippy Tigchelaar.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)