Omnium fan 24 maaie

'Busje komt zo'.. mar op it plattelân komt er aansens miskien wol net mear. Hieltyd mear buslinen binne net mear rendabel foar ferfiermaatskippijen en wurde opheft. Wat no? Moatte wy nei it regear sjen foar subsydzjes, of kinne wy it miskien sels oplosse?

Yn de lêste Rige fan dizze wike teste wy in app út dy't it boadskiprinnen makliker makket.

En: poalûndersiker Louwrens Hacquebord is ferneamd om syn rol by it opbloeien fan it 'Arctisch Centrum', oan de Universiteit fan Grins. No giet er mei emeritaat. Foar Omnium oanlieding om wer ris mei him te praten.

Harkje dus, tusken 11 en 12. Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)