Omnium fan 24 juny 2013

Nei Egypte, Libië, Marokko en Syrië, is no Turkije it poadium foar fûle protesten. Wat is der oan de hân yn de Arabyske wrâld? En hoe geane wy dêr yn it westen mei om? Dêroer prate we mei Eelco Hooijmaaijers, fan it Midden Oosten Instituut yn Grins.

Yn de rige it ferhaal dat Marjolein Visser út Snits ynstjoerde foar de lanlike finale fan Write Now!, in wedstryd foar jong literêr talint.

En de relaasje tusken dokter en pasjint is net altyd like goed. Wylst it wol belangryk is dat de pasjint mei praat en bepaald oer wat de bêste soarch wêze kin. Margreet de Graaf fan Zorgbelang Fryslân reageart op de stelling: "Ik doch wat de dokter seit".

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)