Omnium fan 24 april

Hjoed: wêrom krijt Willem-Alexander de titel 'Erf- en Vrijheer van Ameland'? Boargemaster Albert de Hoop fan It Amelân fertelt oer de spesjale bân dy't de leden fan it Keninklik hûs ha mei it eilân.

Skeldkanonnades, misledigings, deabedrigings. It ynternet stiet der fol mei. Ek dizze wike rûnen de emoasjes op Twitter heech op oer it 'Keningsliet'. Moat alles mar kinne op social media lykas Twitter en Facebook? Wy binne benijd nei jo miening. Yn Omnium prate wy mei kollumniste Nynke de Jong.

En fansels wer in ôflevering fan 'Us Mobyl': hjoed hearre wy wat de Fryske Topstikken binne fan Anne-Wil Lucas. Sy sit yn de Twadde Keamer foar de VVD.

Dat en mear yn Omnium, tusken 11 en 12. Mei Rein Tolsma.

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)