Omnium fan 23 maaie 2013

Borderline is in hiel ferfelende stoarnis foar de minsken dy't der mei te kampen hawwe. Mar ek foar famylje en neisten is it moeilik om der mei om te gean. Dêrom organisearret GGZ Friesland in temajûn hjiroer.

René Koster test mei syn pakesizzes in app foar de iPad út. En yn Rotterdam is opskuor ûntstien oer de plannen om in Turkske wyk foar âlderein te bouwen. Mar wol elkenien net leaver âld wurde mei minsken dy't deselde achtergrûn hawwe? We prate deroer yn de Reade Tried.

Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)