Omnium fan 23 april

'Waar is de kroon?' Sa hjit it nijste berneboek fan de hast 85-jierrige skriuwer Dolf Verroen. De keninginne wol de kroan oerdrage oan har soan mar... de kroan is kwyt. In modern mearke mei prinsen, prinsessen en in soad humor. Yn Omnium in reportaazje fan Sippy Tigchelaar.

En: it is krisis, eltsenien moat om de sinten tinke. Mar de auto, dat is wol it lêste wêr't je op besunigje wolle. Dochs binne der hieltyd mear minsken dy't troch jildsoargen de auto fuortdwaan moatte. Soene jo sûnder jo 'hillige ko' kinne? Praat mei yn de Reade Tried.

Yn de Rige prate wy oer troansopfolging yn bedriuwen. Hjoed: Postma IJzerhandel yn Ljouwert.

Dat en mear, hjoed yn Omnium, tusken 11 en 12. Mei Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)