Omnium fan 22 maaie

Wêr't elkenien benaud foar wie is bard. De bruorkes Ruben en Julian binne dea fûn. De fraach is no oft helpferlienende ynstânsjes net mear dwaan moatten hiene om dit drama foar te kommen. Wy prate deroer yn de Reade Tried. By ús sit advokaat en skiedingsmediator Anita van Wijk.

Yn de Rige test ús Omnium testteam wer in nije app út.

En: 16 jier, en no al presintator fan in radioprogramma. Marten Kloetstra fan De Harkema is mei rjocht in 'omroptalint' te neamen. En no is er ek noch nominearre foar in wichtige priis. Hjoed is er by ús te gast.

Dat, en mear, hjoed yn Omnium. Mei René Koster.

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)