Omnium fan 21 maart

Hjoed yn Omnium:

As je net goed sjen kinne is dat hiel ferfelend. Want in soad deistige saken wurde dan dreech. Hjoed is der yn de bibleteek yn Ljouwert in spesjale beurs foar minsken mei in fisuele beheining. Der is fan alles te krijen, lykas spesjale brillen en pratende apparaten. Joop Atsma is te gast yn Omnium. Hy iepenet de beurs, en fertelt hoe't it is om te libjen mei in eachsykte.

En: keunst is foar elkenien. Dat fine se by it Fries Museum, en wy by de Omrop ek. Sneon begjint it programma Muse, weryn't Miranda Werkman siket nei nij artistyk talint. Sy is tegearre mei regisseur Bart Kingma te gast yn de studio.

Fierder hearre jo wer in minútsje fan Nyk de Vries.

Harkje dus, nei Omnium, tusken 11 en 12. Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)