Omnium fan 21 maaie

Yn 1907 waard yn in Frânske krante de fraach steld oft it mooglik wie om mei in auto fan Peking nei Paris te riden. Foar de fyfde Peking to Paris Rally stappe de Harnzers Jack Boers en syn freon Jesse Smaal yn in Studebaker Powerhawk út 1956 om te bewizen dat it kin. Flak foardat se op it fleantúch stappe komme se del om foarút te sjen op harren aventoer.

Yn de reade tried beprate we de gefolgen fan de súksessen fan in pear Fryske sportploegen. Se moatte allegear op syk nei sponsorjild, mar de fiver mei sponsors is net grut.

Yn de rige teste we mei de redaksje wer in pear nijsgjirrige apps út. De earste is in goeie help om der achter te kommen hokker ferske draaid wurdt op de radio.

Omnium is der om 11 oere, presintaasje Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)