Omnium fan 21 febrewaris

Krûpelhintsjes, sylplanken en titelroazen. Ienich idee wat it betsjut?! Yn de Reade Tried prate wy oer de Fryske taal by de Omrop.

Yn de Rige is einredakteur Arjanne Nijp kreatyf oan 'e gong mei de app 'Pinterest'.

En we ha it oer in wichtich Frysk eksportprodukt: de poater. Wêr moat de perfekte ierpel oan foldwaan? Frank van der Werff fertelt it yn Omnium.

Omnium, tusken 11 en 12. Presintaasje: René Koster.

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)