Omnium fan 2013-08-20T11:00:00

"Een dag niet gelachen is een dag niet geleefd". Dit is it motto fan Tjalling van den Berg. Dizze âld-turntrainer is no aktyf as EKO-koach. Hy leart topsporters lykas hynsterydster Adelinde Cornelissen omgean mei de mentale fasetten fan de sport. Fierder is hy noch in pear moannen bûnscoach fan it keatsen. De man is 365 dagen yn it jier dwaande mei syn wurk en fynt minsken dy't frije tiid ha mar nuver.

Yn de reade tried jout Van den Berg syn miening oer de stelling: "it hjoeddeistige keatsen is oer tsien jier ferdwûn"

Presintaasje: Roelof Lousma.

http://www.eco-coach.nl/tjalling

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)