Omnium fan 2013-08-02

Hjoed is Niek de Vries in oere lang Simmergast yn Omnium. Mei rom omtinken foar de gast, syn favorite muzyk en it nijs fan de dei.
De harkers fan Omrop Fryslân kenne Niek de Vries ûnder mear fan de absurdistyske, ultrakoarte ferhaaltsjes dy't er makket foar Buro de Vries en Omnium. De Vries komt út de Fryske wâlden, is skriuwer, dichter en muzikant, ûnder mear by Meindert Talma & The Negro's. Oer syn wurk, syn roots en syn ynspiraasje komt er no ris ultralang oan it wurd. Foar syn begryp dan, want is programma duorret fan 11 oant 12 oere.

Presintaasje René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)