Omnium fan 2013-08-01

Hjoed is Jan Dijkgraaf in oere lang Simmergast yn Omnium. Mei rom omtinken foar de gast, syn favorite muzyk en it nijs fan de dei.
Jan Dijkgraaf is sjoernalist, blogger, presintator, mar miskien wol benammen dwerslizzer. Yn faak opruiende stikjes stekt er syn eigen miening net ûnder stuollen of banken en faget de flier oan mei wa't dat mar nedich hat; yn syn eagen dan.... Sûnt jierren wennet er yn Fryslân, op ôfstân fan it Sodom & Gormorra fan de Rânestêd, dêr't er sa graach oer skiruwt. In oerke spannede radio dus mei Jan Dijkgraaf.

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)