Omnium fan 2013-07-25

Hjoed yn Omnium in spesjale Simmer-Omnium. Alle dagen is der in oere lang ien simmergast mei wa't de aktualiteit trochnaam wurdt, fan wa't de favorite (simmer)plaat draaid wurdt en fan wa't ek oare aspekten nei foaren komme as dy't we al wisten.

Hjoed Karen Vasbinder-van Loon, VVD-riedslid yn Ljouwert en kandidaat notaris. Dêr njonken koördineart se de miny-ûndernimmings yn it MBO, is se foarsitter fan de VVD yn Ljouwert, siktaris fan de Stichting Damessociëteit, âld-foarsitter fan de Ladies Circle Leeuwarden en foarsitter fan de âderkommisje SKL (Stifting berneopfang Ljouwert).

http://www.vvd-leeuwarden.nl/mensen/fractie

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)