Omnium fan 2012-11-22T11:00:00

It MCL yn Ljouwert is ophâlden mei it jaan fan hormoanbehannelings oan famkes dy't te lang driigje te wurden. As de ferwachtings binne dat in famke úteinlik boppe de 1.84 groeie sil, dan kin der eventueel yngrepen wurde. Oant dit jier koenen famkes kieze tusken in hormoanbehanneling of in operaasje oan de groeiskiven yn 'e knibbels.

Je sille mar ferhuzje wolle, mar je hûs net kwyt kinne... En de huzeprizen ha har djiptepunt noch net berikt. It hûs wurdt hieltiid faker ta in lêst. Yn de studio in petear mei in makeler oer de fêstsittende merk.

Fierder opnij tips om jild te besparjen yn dizze tiid fan krisis.

Dit en mear yn Omnium.

Presintaasje: SIppy Tigchelaar.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)