Omnium fan 2012-11-15T11:00:00

Is Fairtrade wol 'Fair' ? Der is opskuor ûntstien oer Fair Trade sûkelade. De boeren yn Afrika soene der net oan fertsjinje, de Fair Trade organisaasje wol. Mar Fair Trade organisaasje Max Havelaar seit dat it net sa is. Hoe sit it no? Deroer in petear mei in meiwurker fan Tûmba.

Yn de rige komt wer in dielnimmer oan it Media Art festival yn Ljouwert oan it wurd oer syn of har projekt.

En Nederlân makket him stadichoan wer klear foar Serious Request en Het Glazen Huis. Yn Omnium prate we mei in ynwenner fan Surhústerfean dy't ferline jier in winnend bod útbrocht op in optreden fan it Frysk Symfony Orkest. Tongersdeitejûn is it safier, dan sil it orkest optrede...

Dat en mear yn Omnium.

Presintaasje: Sippy Tigchelaar.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)