Omnium fan 2012-10-24T11:00:00

Yn Ljouwert is in nije priis foar ûndernimmers yn it libben roppen; 'De Het.' De priis ferfangt de Leeuwarder Ondernemersprijs. Ynnovaasje, dêr draait it om neffens Lennard Drogendijk. Hy is te gast yn Omnium.

Mei Beart Oosterhaven sil we it hawwe oer Fryske duetten. We sykje hiel âlde duetten út ús argyf, mar hearre ek nei nije duetten. Wat makket in duet sa moai?

Oflevering trije fan ús rige oer yoga.

Presintaasje: Sippy Tigchelaar.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)