Omnium fan 2012-10-22T11:00:00

Yn Omnium moandei ûnder oare omtinken foar de folgjende saken...

Yn De Stellingwerven brûst it fan de ideeën om de histoaryske wetterliny nij libben yn te blazen. De âlde ferdigeningswurken dy't Fryslân yn de 80-jierrige oarloch beskerme leit der fertutearze by. In healjier lyn waard in plan presinteard om de skânsen yn âlde gloarje te werstellen. Yn Omnium in gesprek mei ien fan de inisjatyfnimmers fan it projekt.

Yn de rige relaxe we mei in reportaazje oer yoga.

Fierder yn Omnium fansels omtinken foar muzyk, want is is fansels de Muzykwike by Omrop Fryslân.

Presintaasje: Rene Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)