Omnium fan 2012-08-27T11:00:00

Wat is it bêste doarps- of stedsplein fan 'e provinsje? By Omrop Fryslân sykje we fan 'e wike nei it antwurd op dy fraach. Op www.simmerynfryslan.nl kin oant moandeitemiddei pleinen yn Fryslân nominearre wurde en de trije meast neamde gean dan mei yn de ynternetferkiezing.Yn Omnium prate we der oer mei Eelke Nutma fan Doarpswurk, want hy sil optrede as sjuerylid.

Fierder yn Omnium:

- omtinken foar jazzmuzyk yn de oanrin nei City Jazz yn Ljouwert

- It wetter op mei Jan Schram fan it Fryske Gea

Sytse Faber oer premiersdebat

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)