Omnium fan 2012-07-19T11:00:00

Yn Omnium dogge we fan 'e wike ynspiraasje op foar de tún. Hjoed hearre we Fokke Zijlstra oer syn prêrytún.

Ek binne we op syk nei it moaiste natoergebiet fan Fryslân. We ha al op it Waad sjoen, en yn it Drents-Friese Wold. Hjoed binne we by de lêste nominearre: Gaasterlân.

Fierders yn de rige Vrienden op de Fiets, en fakânsjetips fan selsstannich reisadviseur Sigrid Hiemstra.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)