Omnium fan 2012-07-18T11:00:00

Ek dizze simmer giet Omrop Fryslân op syk nei "De bêste...". Dizze wike binne we op syk nei it moaiste natoergebiet fan Fryslân. Moandei binne de trije nominearden bekend makke: It Drents-Friese Wold, Gaasterlân en it Waad. Omnium sjocht sels wat der sa moai is oan dizze gebieten. Hjoed lit Waadgids Rinse van Slooten ús it Waad by Holwert sjen.

Yn de tún fan Nanny en Machiel Faber yn Damwâld tilt it op fan de stiennen. Tûzenen kilo's oan stien binne der yn harren rotstún ferwurke.

Al fytsend troch Nederlân kinne 'Vrienden van de Fiets" oeral in goedkeap sliepplak fine. Ek yn Fryslân.

En we ha wer enoarm nuttge tips foar as je (mei de auto) nei it bûtenlân op fakânsje sille.

Presintaasje: Karen Bies.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)