Omnium fan 2012-07-10T11:00:00

In lokale ôfdieling fan de PvdA woe waarmannen in boete jaan as se it waar net goed foarsein hienen. Nei in soad krityk ha se dit 'ballontsje' mar gau knappe litten. mar it rôp by ús wol de fraach op oft waarmannen troch hawwe hoefolle ynfloed harren foarsizzings ha kinne. Guon eveneminten stean of falle mei it waar. Hoe gean se dêr mei om? We lizze it foar oan ús eigen waarman Piet Paulusma.

Yn de rige Apen en Bearen, oerlibjen yn it wyld, sykje ús ferslachjouwers in oar plak.

Ferline wike sette de kampagne "Nee, bedankt"; hoe kinne we wis, mar fatsoenlik, ôfweve mei ferkeapers oan de telefoan.

En we sjogge dizze wike wat der allegear te keap oan bean wurdt oan 'e dyk, hjoed keapje we eigenmakke sjem.

Presintaasje: Sippy Tigchelaar.

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)