Omnium fan 2012-06-12T11:00:00

Fan 26 juny ôf moatte bern in eigen paspoart hawwe. Dizze maatregel wurdt nommen om bernesmokkel moeiliker te meitsjen. Mar der binne ek noch wat tûkelteammen. Nicolien van den Bedum fan de gemeente Ljouwert jout útlis.

En der is in soad te dwaan om lytse skoallen. Elk doarp wol graach de skoalle behâlde, mar yn krimpregio's is dat hast net mear fol te hâlden. Hoe wichtich is sa'n skoalle foar de leefberens foar in doarp? Dat freegje we oan ûndersykster Bernie van Ruiven fan Partoer.

Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)