Omnium fan 2012-06-06T11:00:00

Maatregels út it "lente-akoord" foar de begrutting fan 2013, sille net allegear troch de hjoeddeistige Keamer komme. De ministearjes ha mear tiid nedich om se goed ta te rieden, sa die fan 'e wike bliken. Mar ek de partijen lykje fan de ôfspraken weromkomme te wollen. Yn Omnium de analyze fan bestjoerskundige Rieks Osinga.

Yn de rige Jacques Monasch oer de stêd Charkov yn Oekraïne, dêr't it Nederlânsk alvetal de earste wedstriden spylje sil.

En koartlyn is der in Frysk boekje en in CD mei meditaasjes foar bern útkommen. Elbrecht Claus fertelt der mear oer.

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)