Omnium fan 20 septimber 2013

    Hjoed is de alderlêste útsjoering fan Omnium!
    De earste wie op 21 november 1999 en nei krap oan 14 jier hâldt it programma dus op te bestean. Alle reden fansels om mei âld-meiwurkers en -presentatoren werom te sjen op it programma. Mei petearen en fragminten út it argyf.

    Presintaasje: Roelof Lousma en René Koster.

    Harkje nei de alderlêste Omnium

    Omnium

    Omnium

    Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
    (advertinsje)