Omnium fan 20 juny

De belesting, 'leuker' sil it nea wurde, mar miskien wol makliker? De kommisje Van Dijkhuizen wol it belestingstelsel herfoarmje om it foar boargers oersichtliker en begrypliker te meitsjen. Mar is it werklik yn it belang fan de boargers, of gean wy der finansjeel op achterút? Wy prate mei fiskaal jurist Imre van Hijum.

Op Skylge is it Oerol-festival drok dwaande. It tema, 'sense of place', giet oer de relaasje tusken lânskip en arsjitektuer. Mar de bedrigings foar it eilân komme benammen fan it wetter. Hoe't it krekt sit hearre jo yn de Rige.

En literêr talint Marjolein Visser (23) is te gast. Mei har realistyske skriuwstyl makke se yndruk op de sjuery fan de skriuwwedstriid 'Write Now!'. Dêrom mei se nei de lanlike finale, oankommende snein yn Rotterdam.

Dat, en mear yn Omnium. Mei Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)