Omnium fan 20 july 2012

De KNVB komt ynkoarten mei in plan om homoseksualiteit yn it fuotbal better besprekber te meitsjen. Al jierren wurdt der praat oer homo-emansipaasje yn it fuotbal, om't in soad homo's it noch dreech fine foar harren aard út te kommen. Homoseksualiteit yn it fuotbal. Is it noch altyd in taboe? Wy fregen it op de freedsmerk.

Yn ús rige simmertunen binne we op besite yn de prachtige tún fan Ton ter Linden op 'e Feanhoop

De Vrienden op de fiets, de tips fan Sigrid Hiemstra foar fleantúchfakânsjes
en fansels de útkomst fan ús ferkiezing: it moaiste natoergebiet fan Fryslân!
Sjuerylid Fokko Bosker komt del.

Presintaasje: René Koster.

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)