Omnium fan 2 july 2013

Hjoed komt der wer in nij haadstik by yn ús rige oer it ôfskaffen fan it molkkwotum yn 2015. Nei de útlis fan LTO bestjoerders, in grûnmakeler en in boer komt no de finansier oan it wurd. De Rabobank stiet bekend as bank foar de boeren. Wat fernimt de bank fan alle útwreidingsplannen fan de boeren?

Yn ús rige in portret fan de spoarferbining Harns - Ljouwert dy't 150 jier bestiet

en yn de reade tried prate we oer de tún. It giet benammen oer hoe kreas de tún wêze moat en oft in oar bepale mei dat de tún opknapt wurde moat.

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)