Omnium fan 2 july 2012

Trije dagen oerlibje yn de Fryske natoer. Soe dat kinne, sûnder iten en drinken mei te nimmen en it te dwaan mei 'wat der is'? Twa jier lyn besochten ferslachjouwers Annelies van der Goot en Karen Bies it en fan 'e wike komme har aventoeren nochris yn Omnium foarby.

Fierder in persoanlik ferhaal út de skiednis fan Boalsert; en om't André Kuipers werom is op ierde, omtinken foar de romtefeart.

Presintaasje: René Koster.

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)