Omnium fan 19 septimber 2013

Hjoed is Sieds Rienks te gast yn Omnium. Rienks is by De Friese Wouden direkteur fan de sektor húshâldlike help. De Friese Wouden is sa'n organisaasje weryn it wurk fan hûnderten minsken faai stiet. At der yndie 40% besunige wurde moat op de foarmen fan help en soarch dy't se biede, hoe kin je dan de 2400 minsken oan it wurk hâlde? It is ien fan de tema's yn it petear. Ek de diskusje-stelling yn de Reade Tried sil hjir oer gean. Is dit wat bedoeld wurdt mei de ein fan de fersoagings-steat?
Njonken syn deistich wurk is Rienks ek noch foarsitter fan ien fan âldste fuotbalklups: LAC Frisia 1883 fan Ljouwert. Dat ek de sport, sil royaal oan bar komme.

Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)