Omnium fan 19 maart

Hjoed yn Omnium: is in bern it bêste ôf by pleechâlden mei deselde (kulturele) eftergrûn as de biologyske âlden? Of makket it neat út en is it al moai dat it bern plak hat? We ha it deroer yn de Reade Tried. Yn de studio prate we oer dizze diskusje mei Jeroen van Oijen fan Jeugdhulp Friesland.

Ek hearre we oft Marre en Folkert de spesjale Trials-kursus foar jonge bestjoerders goed trochstean. Soene se slagge wêze?

En fansels ek wer in koart ferhaal van Nyk de Vries.

Genôch redenen om te harkjen nei Omnium!

Presintaasje: Sippy Tigchelaar.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)