Omnium fan 19 febrewaris

Skoallen mei minder as 100 learlingen moatte ticht, fynt de ûnderwiisried. Dat hat grutte gefolgen foar in soad skoallen yn Fryslân. Hjoed yn de Reade Tried: Fenje Louwsma fan it Cedin.

En we prate mei Mark Westra. Hy is krekt werom út Libearia. Dêr hat er software ûntwikkele om wetterputten yn kaart te bringen.

Yn de Rige wer in nije app. Ditkear giet Marre Sloots op syk nei Ryksmonuminten by har yn 'e buert.

Dat, en mear yn Omnium, tusken 11 en 12. Presintaasje: Roelof Lousma.

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)