Omnium fan 18 septimber 2013

Tine Bijstra fan Hoarnstersweach is hjoed in oere te gast yn Omnium. Sy is boerinne en wie aktyf yn LTO en foar de VVD. No is sy noch altyd aktyf yn Wetterskip Fryslân en as foarsitter fan it gebietsproses N 381, dat is de dyk fan Drachten nei de Drintske grins. Mei har prate wy oer har sels en wat sy allegear by de ein hân hat. Mar wy diskusjearje ek oer de takomst fan de boeren yn Fryslân. Dy liket op it earste gesicht geweldich: it molkkwotum ferdwynt yn 2015 en no sjoch je al grutte ynvestearrings yn de suvel. It kin net oars of ek de boeren sille dêr fan profitearje. Of leit it justjes oars en is it op ‘en duer sels in bedriging foar de Fryske boerestân? It komt allegear oan ‘e oarder yn Omnium tusken 11 en 12 oere. Presintaasje: René Koster.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)