Omnium fan 18 desimber

Op de Razende Bol foar de kust fan Teksel spile him it ôfrûne wykein in wiere soap ôf. It lijen en stjerren fan de bultrêch Johannes. Wat seit it lijen fan de bultrêch oer ús? Wêrom hiene wy sa'n massale oandacht foar dit bist? Wy prate hjiroer mei dûmny Wim Beekman.

Jezus komt ek foar yn de Koran. Hy hjit dan Isa. Skriuwster Janny van der Molen fertelt mear.

En we sjogge wer op it bouplak oan it Van Harinxmakanaal. Hjir komt in akwadukt. Technysk projektlieder Peter de Jong fertelt hoe't it wurk der foar stiet.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)