Omnium fan 17 septimber 2012

Mei klimaatprofessor Pier Vellinga ha we it oer it iis op de noardpoal. Dêr't wittenskippers al lang foar warskôgje liket no folle earder as ferwachte realiteit te wurden. Oer in pear jier sil de noardpoal foar it earst folslein iisfrij wêze.

Eartiids krigen muzikanten jild foar elke LP of CD dy't oer de toanbank gong. Mei de komst fan ynternet is der in soad feroare. Wat, dat hearre we fan tekstskriuwer, muzikant en sjonger Jan Tekstra.

En yn de rige dizze wike "de professoaren fan Frjentsjer".

Presintaasje: Roelof Lousma.

Diel dit berjocht op:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)