Omnium fan 17 juny

Moandei yn Omnium:

Gerrit Vlaskamp is ien fan de meast ynfloedrike túnarsjitekten fan Fryslân. Hy makke yn de 19e ieu it ûntwerp fan mear as 300 tunen en parken yn Fryslân. Vlaskamp drukte in grut stimpel op doarpen en stêden mar dochs is hy in grutte ûnbekende. Túnleafhawwer Aly van der Mark skreau in boek oer him.

Hjoed begjint de 'week van de uitwisseling'. 500 wurknimmers fan tsientallen organisaasjes rinne dizze wike in dei mei op in oar bedriuw. Dat dogge se om ynspiraasje en nije enerzjy op te dwaan. De lieder fan dit provinsjale projekt komt del yn de studio om nut en needsaak fan 'mobiliteit' út te lizzen.

En wer in nije Rige. René Koster is op Oerol en dizze wike bringt er ús alle dagen in ferhaal. It tema is: 'sense of place', oer lânskip en arsjitektuer.

Omnium is der wer om 11 oere, mei Roelof Lousma.

Share this page on:
Omnium

Omnium

Freed 20 septimber wie de alderlêste útstjoering fan Omnium, mei yngong fan 23 septimber is der fan 12.00 oant 14.00 oere in nij nijs en achtergrûn programma. Muzyk yn Bedriuw is moarns dan te beharkjen fan 09.00 oant 12.00 oere. Omnium is in serviceprogramma mei achtergrûnen by it nijs en ynformative ûnderwerpen. Alle wurkdagen tusken 11.00 en 12.00 oere komt in grut ferskaat oan de oarder. It kin yn Omnium gean oer skiednis, oer polityk, mar ek oer sûnenssoarch of ekonomy.
(advertinsje)